Genietsje yn museumwykein

'De keunst fan it genietsjen' is it tema fan it nasjonaal museumwykein dit wykein. Ek yn Fryslân ha tal fan musea de doarren fergees iepen. De measte organisearje spesjale aktiviteiten.
Sa binne yn it stedhûs yn Sleat foarstellingen mei in toverlantearne en yn museum Smellingerlân yn Drachten binne der rûnliedingen foar bern.