Halford komt ek nei Wâldrock

De programmearring fan Wâldrock foar dit jier is hast klear. Halford is de alfde band dy't boekt is. Mei elkoar spylje 15 bands op twa poadia op it festival. Oare groepen binne ûnder oare Motorhead, Within Temptation, Agnostic Front, Immortal en it Fryske Autumn.
Wâldrock is sneon 22 juny oan de Simmerwei krekt bûten Burgum. De foarferkeap is al begûn.