Skeagefal nei help yn Wommels

In behelpsume man hat in skieppeboer yn Wommels ûnbedoeld in soad skea tadien. Hy seach alve skiep op 'e dyk los rinnen en dreau se de greide yn by acht oare. Hy tocht dat se byinoar hearden.
Nei in telefoantsje die bliken dat de skiep hielendal net fan dy boer wiene. Om't syn bisten yn oanrekking west hawwe mei oare, binne se net mear 'syktefrij' en bringe se minder op.