Twa dagen fergees mei de bus

Reizgers kinne tongersdei en freed fergees mei de streekbus. Bussjauffeurs fan Arriva stimpelje de strippekaarten net ôf. Dat wurdt mei stickers dúdlik makke. De aksjes binne it gefolch fan mislearre ûnderhannelingen oer de cao.
Fia in koart pleit tongersdei besochten de wurkjouwers de aksje noch te kearen. De aksje kostet har sa'n 100.000 euro deisk.