Ynfal om chatsesje Kroanprins

Justysje hat in ynfal dien yn Ljouwert yn ferbân mei de mislearre chatsesje mei Willem-Alexander en Máxima. Kompjûterkreakers makken dat 'petear' ûnmooglik. By de Ljouwerter binne kompjûters en cd-roms yn beslach nommen. Hy wurdt lykwols net as de haadfertochte beskôge.
Op in fiiftal oare plakken binne ek ynfallen dien. Ien persoan is oanhâlden.