Utstalling oer Douwe Tamminga

It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert hat dizze moanne in lytse útstalling mei wurk fan Douwe Tamminga. De nestor fan de Fryske literatuer ferstoar ferline wike yn 'e âldens fan 92 jier. Hy is tiisdei te hôf brocht yn Tsjalhuzum.
De hiele moanne is yn it FLMD wurk te sjen út it lange skriuwerslibben fan Tamminga.