CAO-akkoart by Philips

De fakbûnen en Philips hawwe freedtemiddei in akkoart berikt oer in nije CAO. De 30.000 wurknimmers, wêrûnder sa'n 2200 by Philips Drachten, krije in leansferheging fan 3,25 persint oer in perioade fan 16 moannen.
De leden fan de fakbûnen moatte noch wol tastimming jaan. Earder easken de fakbûnen noch 3,5 persint mear lean. Phi- lips woe net mear jaan as 2,5 persint.