Fryslân Bank wreidet belang út

De Fryslân Bank hat de Overijsselse Participatiemaatschappij oernaam. De bank hie sûnt maart 2000 al in belang fan 18 prosint yn it bedriuw, dat rjochte is op de saaklike merk.
Mei de oername wol de Fryslân Bank syn belang yn it easten fan Nederlân útwreidzje. Earder waard al bekend dat de bank ynkoarten in kantoar yn Enschede iepenje sil.