Ombudsmân foar plattelân

© Omrop Fryslân
Der moat in ombudsman komme foar it plattelân. Dat fynt Grien Links. De funksje is bedoeld om de belangen fan it plattelân op de politike aginda te krijen en om advizen te jaan.
De partij fynt dat kwestjes dy't op it plattelân spylje de lêste jierren ûndersnijd binne. Dat giet om saken as iepenbier ferfier, rekreaasje, lânbou en oare foarsjenningen.