Samling Fryske bidprintsjes

It Roomsk-katolyk Dokumintaasjesintrum fan Wytgaard hat in samling fan 25.000 bidprintsjes krige fan âld-pastoar De Kloet. It giet om inkeld Fryske eksimplaren.
Frijwilligers binne mei de ferwurking fan 'e plaatsjes oan 'e gong. De printsjes moatte úteinlik op ynternet komme te stean. Bidprintsjes binne bedoeld as oantinken oan in ferstoarne.