Boekhâlder beskuldiget UPC

© Omrop Fryslân
Kabelbedriuw UPC hat spul mei accountant Andersen, dy't de jierrekken net ûndertekenje wol. De wize fan boek- hâlden soe net doge.
UPC makke moandei bekend dat de omset mei 38 prosint omheech gien is nei 1,4 miljard euro. Fanwege de ûntbrekkende hantekening is noch ûndúdlik hoe grut it nettoferlies is. Wol is de skuld oprûn oant oer de 8 miljard euro.