Troch it dak fallen

It idee wie aardich; op it dak fan de garaazje fan de sinne genietsje. Dat die in 18-jierrich famke út Ljouwert freed. Fia har dakterras kaam se op it dak fan de garaazje yn de Goudenregen- strjitte. Mar dat dak wie net op sinne-oanbidders berekkene.
Foar't se lei, sakke se troch it dak en kaam op in auto yn de garaazje telâne. Se waard yn it sikehûs behannele.