Soas: allinnich Trynwâldsters

Jongeren dy't nei de soas Pro Rege yn Oentsjerk wolle moatte tenei paspoart of identiteitskaart sjen litte. Jongeren dy't net bewize kinne dat se út 'e Trynwâlden komme, wurde tenei fuortstjoerd.
De soaskommisje wol sa it tal besikers fan 'e soas fan 'e gereformearde tsjerke oan bannen lizze. De lêste kear luts de soas 700 jongeren; dat is tefolle, want der meie net mear as 400 minsken yn.