Jild yn projekt tsjin stellerij

© Omrop Fryslân
Frjentsjerteradiel is ree om 3500 euro te beteljen oan it projekt Samen Veilig Ondernemen yn Frjentsjer. It projekt is foarich jier opset troch plysje, gemeente en Handel en nijverheid yn Frjentsjer. Doel is om stellerij yn winkels te bestriden.
De plysje hat net genôch minsken mear foar it projekt. Dêrom moat no in saak- kundige fan MKB-noard oanlutsen wurde.