Soad peasketoeristen ferwachte

© Omrop Fryslân
Attraksjeparken en iepenloftmusea sille mei de peaskedagen wer iepen en fêste steanplakken op kampings wurde wer ynrjochte. Der wurde it kommend wykein sa'n 900.000 toeristen yn Nederlân ferwachte. De bollefjilden yn it westen lûke de measte minsken. Fryslân moat it benammen ha fan it deitoerisme. Neffens it Buro foar Toerisme is dit in jierlikse trend.