Kompliminten foar hotelskoalle

© Omrop Fryslân
De hegere hotelskoalle yn Ljouwert fertsjinnet mear omtinken en miskien sels ekstra fasiliteiten. Dat fynt steatssekretaris fan ekonomyske saken Ybema dy't moandei in gastkolleezje joech op 'e hotelskoalle.
Op de oplieding sitte in 250 studinten út sa'n 40 ferskillende lannen. Neffens Ybema is de betsjutting fan de skoalle foar de eksport grut.