Ferhuzing GGZ Frjentsjer

De lêste ôfdielings fan de GGZ yn Frjentsjer sille kommende wike ferhúzje nei it MCL yn Ljouwert. Dêrmei komt in grut part fan it Akademykompleks yn Frjentsjer leech te stean.
De âldereinpsychiatry ferhuzet ek nei it multyfunksjonele kompleks yn Ljouwert. Ein maaie wurdt de nijbou fan de GGZ Akute Soarch by it MCL-súd yn Ljouwert offisjeel iepene troch Ed Nijpels.