Paden Hearrenfean wurde opknapt

B en W fan It Hearrenfean wolle dit jier hast 300.000 euro útlûke foar it opknappen fan fyts- en kuierpaden. Guon fytspaden ha te lijen fan beamwoartels dy't it asfalt omheech drukke.
De kuierpaden binne de lêste jierren hielendal net opknapt. Haadrûtes, winkelsintra en kuierpaden by skoallen en âldereintehûzen wurde it earst oanpakt.