Hearrenfean wint mei 4-0 fan NEC

Hearrenfean hat sneontejûn in geweldige wedstriid spile tsjin NEC. De ploech wûn mei 4-0. Yn de earste helte wie de ploech it sterkst. Der foelen trije doelpunten, makke troch Allbäck, Jensen en Nurmela.
Nei de earste helte sakke it spul fan Hearrenfean wat yn en waard NEC sterker. Dochs wist Selakovic nochris foar Hearrenfean te skoaren.