Earste ljipaai Skiermûntseach

De 65-jierrige Jan Benes hat freed it earste ljipaai fan Skiermûntseach fûn. It aai lei yn in stik greide oan de Kooiwei. It wie al de tredde kear dat Benes it earste aai fan it eilân fûn.
Hy wie krekt op 'e tiid, want tsien menuten nei Benes fûn Klaas de Vries al it twadde aai. Boargemaster Fennema fan Skiermûntseach sil it ljipaai moandei yn ûntfangst nimme.