Undersyk grûnfersakking by Grou

Yn Grou komt dizze simmer in ûndersyk nei grûndelgong. It ministearje fan Ekonomyske Saken hat trije ynstituten dêrta opdracht jûn. Tsien wenten sille besjoen wurde op ûnder oare de fundearring.
De bewenners tinke dat de gaswinning fan Total Fina Elf deunby de delgong feroarsaket. Yn 2003 moat it ûndersyk klear wêze.