Mulder nimt it op foar projekt

© Omrop Fryslân
De provinsje is fernuvere oer de krityk op it Drachtster Feartprojekt. Deputearre Mulder hat it woansdei opnommen foar de kontroversjele plannen.
Neffens ferskate partijen binne miljeuregels oertreden. Mulder jout ta dat it dreech wie om de fergunnings foar inoar te krijen, mar de grinzen fan de wet binne yn acht nommen. Yn maaie komt de kwestje foar de Steatsrie.