Cambuurstadion nei Werpsterhoek?

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert wol yn de takomst in nij Cambuurstadion by de Werpsterhoeke. Dêr moat it bedriuwslibben op ôfkomme, lykas by de Amsterdam Arena.
Earst moat lykwols it businesspark oan de westkant fan de stêd fol wêze. Meast opfallend is dêr it glêzen gebou fan Crystallic. De helte fan de grûn is no ferkocht of yn opsje. Foar de swiere yndustry is der al gjin plak mear.