Run op senioarewenten

Der is grutte belangstelling foar in nij wenkompleks foar âlderen yn Surhústerfean. Op de 35 apparteminten hawwe 130 gadingmakkers ynskreaun. De wenningstifting set oare moanne út ein mei de tawizing.
Hoe't it nije senioarekompleks hjitte moat, is noch net bekend. De wenningstichting wol dêr in priisfraach foar útskriuwe.