Noch gjin staking yn de bou

Yn Fryslân wurde pas woansdei stakings yn de bou ferwachte. Tiisdei begûn in lanlike estafettestaking foar in bettere CAO, nei't in ultimatum fan de fakbûnen ôfrûn wie.
It konflikt draait om de fergoeding fan reistiid. De wurkjouwers wolle dat dy leger wurdt. Dêr moat earst in akkoart oer komme foar't leansferheging te praat komt.