Bus ferûngelokke yn Frankryk

By in ûngelok op A31 by Nancy is gjin bus fan Veenstra Reizen yn Bûtenpost belutsen, lykas it NOS-nijs moandeite- moarn earst melde. De ferûngelokke bus komt út Klazienaveen yn Drinte. De bus fan Veenstra ried dêrachter.
Veenstra hie tafallich in ploech medisi oan board, dy't earste help ferlienden. Sân minsken rekken dea doe't in frachtwein de bus oanried.