Oerienkomst mei Van der Weg

© Omrop Fryslân
It fakbûn FNV hat in oerienkomst berikt mei rioelreinigingsbedriuw Van der Weg yn Wolvegea. De wurknimmers fan it bedriuw hawwe in wike lang it wurk dellein.
De wurkjouwer en it fakbûn binne it iens wurden oer de nije CAO. De wurknimmers krije dit jier trije en in heal persint mear lean, fiif ekstra atv-dagen en ien ekstra fakânsjedei.