Hearrenfean slút oan by top 3

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean bliuwt yn it spoar fan PSV en Feyenoord. It ferskil mei de nûmers 2 en 3 is ien punt. Woansdei waard yn it Abe Lenstrastadion Fortuna Sittard mei 3-1 ferslein. De doelpunten kamen fan Edman en Hakansson (2).
De tsjingoal ûntstie út in penalty. Foppe de Haan wûn him dêr sa oer op dat er skiedsrjochter Bossen de bal út 'e hannen sloech. Hy krige de reade kaart.