Min begjin foar Flyers yn finale

© Omrop Fryslân
De Formido Flyers ha tiisdei in minne earste wedstriid spile yn de finale. De iishockyers út It Hearrenfean ferlearen kânsleas fan Amsterdam mei 3-6. De perioadestannen wienen: 2-2, 0-1 en 1-3.
De Friezen binne noch net ferslein yn de race om de titel fan it nasjonale kampioenksip. Kommend wykein wurdt twa kear yn Amsterdam spile.