Nij standertwurk Fryske taal

Op it Noardfryske eilân Föhr is freed de presintaasje fan in nij standertwurk oer de Fryske taal en kultuer. It 'Handbuch des Friesischen' is twatalich Dútsk en Ingelsk. Der stean in lyts tachtich wittenskiplike artikelen yn.
It boek is ornearre foar universiteiten en wittenskiplike ynstituten. By in protte ûndersikers is der ferlet fan ynformaasje oer it Frysk.