Klompe útskeakele

Heerenveen moat it de rest fan it seizoen dwaan sûnder ferdigener Tieme Klompe. Dy rekke moandei op de trening blessearre oan de achillespees. Klompe is fuortendaliks opereard.
Ljochtpuntsje foar de fuotbalklub is dat Johan Hansma wer spylje kin. Hy kin der dan miskien mei foar soargje dat de Feansters de minst passearre ferdigening hâlde.