Staking by rioelreiniging

© Omrop Fryslân
Wurknimmers fan Van der Weg Rioelreiniging binne moandei yn staking gien foar in bettere cao. De direksje is it ultimatum fan fakbûn FNV net yn 'e mjitte kommen. Snein rûn it ôf.
De bûnen wolle in hegere leansferheging as dat de wurkjouwer jaan wol. Boppedat moatte der ôfspraken komme oer in 36oerige wurkwike, soarchferlof en ekstra fassiliteiten foar UR-leden.