Ryptsjerk hat nij doarpshûs

it nije multifunksjoneel sintrum 'De Einekoer' yn Ryptsjerk is sneon iepene. In grut part fan de 800 ynwenners fan it doarp wie dêrby.
De stifting multifunksjoneel sintrum hat fjouwer sinnepanelen oanbean krigen fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Foar de gemeente wie de iepening it offisjele startpunt fan de aksje 'Enerzjyk Tytsjerksteradiel'.