Opskuor by derby

De fuotbalderby Drachtster BoysHarkemase Boys, yn de haadklasse C, is sneon einige mei in soad opskuor. Nei it lêste fluitsje belaagden tsientallen Harkemasters de skiedsrjochter.
Oanlieding foar de kommoasje wie in omstreden goal fan de Drachtsters. Dy kamen fier yn blessueretiid op 1-1. Oan de goal gie in oertreding tsjin de keeper fan de Harkemasters foarôf.