Iepen hûs mei keunstwurken

© Omrop Fryslân
It Anna Blamanhûs yn Ljouwert stiet ek dit wykein yn it ramt fan 'e Ynternajonale Frouljusdei. Sneon en snein is der iepen hûs. Dêr is de nije útstalling te sjen dy't wethâlder Hettie Hafkamp iepene yn bywêzigens fan kultuerwethâlder Arno Brok.
Trije keunstneressen litte harren wurk sjen. Sa bringt Helena de Boer in dichtbondel út yn in hânmakke oplage.