'Eurogratifikaasje' foar minima

De gemeente Weststellingwerf giet ta de bûse foar de minima yn de gemeente. By wize fan 'eurogratifikaasje', sa't de gemeente it neamt, krije minsken mei in leech ynkommen foar ien kear in ekstra útkearing fan 90 euro.
It giet om minsken dy't langer as ien jier minder as 105 persint fan it minimum krigen ha. WIW-ers dy't ein 2001 al wat ekstra krigen ha, krije no neat.