Winst FNP en CU yn Snits

FNP en Christenunie binne de grutte winners fan 'e ferkiezings yn Snits. De FNP giet yn 'e wetterpoartstêd fan 2 nei 3 sitten. De Christenunie komt foar it earst yn 'e ried mei ien sit. CDA en VVD ferlieze beide in sit, de PvdA bliuwt de grutste partij yn Snits mei 7 sitten.
De opkomst wie ek yn Snits heger as yn 1998; 56.6 persint, en dat wie fjouwer jier lyn 55,7 persint.