FNP nij yn ried Dantumadiel

De Frysk Nasjonale Partij is de grutte winner fan 'e ferkiezings yn Dantumadiel. De FNP komt foar it earst yn 'e ried en wol mei twa sitten. De PvdA is de grutte ferliezer fan Dantumadiel; de PvdA gie fan 22,2 nei 13,3 persint en ferliest dêrtroch 2 fan 'e 4 sitten.
Alle oare partijen bleaune gelyk. It CDA bliuwt de grutste partij mei 5 sitten. De opkomst wie hjir 66,2 persint.