Al wer hege opkomst Skier

Skiermûntseach giet by de ferkiezings wer in hege opkomst temjitte. Op it eilân hiene om fjouwer oere al 535 fan de 828 stimgerjochtigden har stim útbrocht. Dat is 64 persint.
Ek yn Tytsjerksteradiel is de opkomst boppe ferwachting. It persintaazje leit dêr al in tal persinten heger as ferline kear. In eksakt sifer is dêr noch net te jaan.