TMF-nominaasje foar Twarres

© Omrop Fryslân
It Wergeaster muzykduo Twarres is op 'e nij nominearre foar twa TMF-awards. Mirjam Timmer en Johan van der Veen binne nominearre yn 'e kategoary bêste album nasjonaal foar harren súksesfolle CD Stream. Ferline jier krige TMF al in award fan TMF-België.
De TMF-awards wurde op 13 april útrikt yn it Rotterdamske Ahoy. De ôfrûne wike wûn Twarres al in Edison.