Tongblierboeren krije fergoeding

© Omrop Fryslân
Boeren en ûndernimmers yn Dongeradiel dy't skea hân ha fan de tongblierkrisis, krije noch foar de simmer in fergoeding. Dy tasizzing die deputearre Bijman freedtemiddei yn Dokkum. Hy die dat by de presintaasje fan in rapport oer de takomst fan de boeren yn Dongeradiel.
Minsken dy't in fergoeding ha wolle út it provinsjale needfûns, kinne dizze moanne in skeaformulier ynfolje.