Skier krijt Medysk Sintrum

Op Skiermûntseach komt in Zorg- en Medisch Centrum. Dat hat de stjoergroep besletten dy't him dwaande hâldt mei de ûntwikkeling fan sa'n sintrum.
It gebou biedt ûnder oaren ûnderdak oan húsartsen, in toskedokter, in fysioterapeut en thússoarch Het Friese Land. Ein 2003 moat it sintrum klear wêze. De kosten wurde rûsd op 1,3 miljoen euro.