Nije oplieding oan Van Hall

© Omrop Fryslân
It Van Hall-ynstitút biedt yn septimber in nije oplieding oan: hynder en management. De stúdzje is unyk yn Europa en heart by de stúdzje diermanagement. Der is in soad fraach nei studinten mei ekstra kennis oer hynders. Ofstudearren kinne in advysburo begjinne of maneezje.
Van Hall wurket gear mei it praktyksintrum yn Oentsjerk. Der is plak foar tweintich studinten.