Fryske Anjer nei Skipfeartmuseum

It Frysk Skipfeart Museum yn Snits krijt de Fryske Anjer. De priis is yn it bysûnder foar direkteur Sytse ten Hoeve. De sjuery is wiis mei de profesjonele wize fan presintearjen, ek op ynternet.
De Fryske Anjer is in jierlikse priis foar lju dy't wat dogge foar de Fryske kultuer en natuer. Kommissaris Nijpels rikt de priis, 2500 euro, yn maaie út.