Stipe foar Ljouwerter feemerk

De Ljouwerter feemerk liket rêden. De provinsje en gemeente lûke mear as 25.000 euro út om de feehal oan te passen.
Boppedat wurdt de provinsje hierder fan de romte dêr't de feemerk hâlden wurdt. De feemerk kin net út, mar it jierlikse tekoart fan 150.000 euro wurdt troch de provinsje oanfolle.