Feemerk giet net troch

De merk foar slachtfee yn it FEC yn Ljouwert giet tongersdei oer. Direkteur De Jong wol gjin stjonkerij mear hawwe. Dat jout oerlêst by eveneminten lykas de bedriuwekontaktdagen. Boppedat hat er noch gjin tongblierskeafergoeding fan de provinsje krige.
It Bûn fan Fryske Feehannelers dat de hannel oernommen hat, hâldt de feemerk no yn Hilaard.