Fryske bussjauffeurs freonlik

Fryslân hat freonlike bussjauffeurs, sa hat de ANWB bekendmakke. Hjerstmis 2001 is ûndersyk dien op de tsjinsten 54 en 60. De 54 rydt fan Dokkum oer Ternaard en Holwert nei Ljouwert. Bus 60 rydt ek fan Dokkum nei Ljouwert, mar dan oer de provinsjale dyk.
De ANWB docht dit jier wer ûndersyk. Wannear en yn hokker bussen is om begryplike redenen net bekendmakke.