Miljeu-delikt yn Smellingerlân?

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân is mooglik belutsen by in miljeu-delikt. Yn it ramt fan it Drachtsterfeart-projekt moat it âld stoart oprûme wurde. De gemeente wol dat ôffal ferwurkje yn in lûdswâl.
De provinsje hat dêrfoar al in fergunning ôfjûn. De gemeente kin sa 26 miljoen euro besparje. In amtner fan it ministearje fan Miljeu seit lykwols dat de fergunning net jildich is.