Firtueel kuierje troch Snits

Snits hat in wrâldprimeur op ynternet. Tiisdei is in webside lansearre wêrop it mooglik is om mei in kaart fan Snits de hiele stêd te besjen. Op de side, www.sneekrond.nl, kinne 500 plakken op de kaart oanklikt wurde en dêrnei binne der saneamde 'bolfoto's' te sjen.
Dat is in rige foto's dy't makke binne mei in saneamde 'fish-eye' lens. De side is makke troch Nethammer en ViaDrupsteen