Strânsiler omkommen op Skylge

© Omrop Fryslân
Op Skylge is snein in 51-jierrige strânsiler om it libben kommen. By in wedstriid botste er mei syn karke op it weintsje fan in 46-jierrige frou út Dútslân.
It personiel fan twa sike-auto's en in traumahelikopter hat besocht de man te helpen, mar dat hat neat opsmiten. De plysje hat de karkes yn beslach nommen. Se wurde ûndersocht.